donderdag 28 maart 2024

Fierljeppe op de Skâns

 Wa't Winsum seit, tinkt oan fierljeppe.

Alteast dat hoop ik.

Bij de Skâns is ynformaasje te finen

oer it fierljeppen en de tiid 

dat se midden yn it doarp sprongen

Dat haw ik earder ek noch wol meimakke.

Moai dy ynformaasje oer Roel Bokke Span

en junior Tamme Velstra ( de letters topkeatser),

dy't  mar 1 sentimeter minder fier sprong 

as de beste senior.
















Sybren

 Dêr tref ik him wer.

Moarns 8 oere yn Winsum.


Hoe giet it?

Net bêst

Wat no?

Kanker efter it each. Oer in pear jier bin ik blyn.

Dat hast al jierren toch?

Ja, se kinne it net ferhelpe.

Och, wat sneu. Sjochst no noch wol goed?

Jaaaaa.


En dan komme de ferhalen wer oer syn karmaster wêzen

bij it keatsen

Oeral op de foarline.

Hij seach it altiten goed.

Dêr yn Itens, dêr yn Harns, enssfuorthinne

"Ik kin no wol noch wol op de foarline,

ik sjoch it noch prima".


Moai Sybren, mar dat hoecht net mear.

Nee, Aant, ik doch it ek net mear.


Wij rinne de Coop yn

en hij stelt mij foar oan de eraste de beste.

"Elkenien yn Wommerls kin him, sa jout hij oan

Elkenien yn Winsum en fiere omkriten kin him, jou ik oan


At ik de winkel út kom,

leit er in banaan op  myn fyts.

Fan Sybren tink ik......

as tank foar it praatsje



 

dinsdag 26 maart 2024

Wommels Noard


 Fia X wurde wij op de hichte holden fan de foarderingen bij Wommels Noard.

Tafallich wie ik ferline wike efkes te sjen,

efter it stek  yn de middensône.

Fanút de loft sjogge  je it fansels noch better

Dizze stie op Twitter, sorry op X

(Foto fan Jetze van der Veen)


Plassen

 


In eintsje rinne is foar de pakesizzers soms wat saai,

mar net at er oeral plassen lizze

Wat in feest om der trochhinne te fytsen

en der wat yn om te stampen

maandag 25 maart 2024

Grappich

 



Dat is it moaie fan de sosjale media

ik kom betiden prachtige spotprintsjes tsjin

wêr't ik om gnize moat 

en ik mij altyd ôffreegje

"Hoe betinke je it?"

zondag 24 maart 2024

Armada

 


Gjin Ziggodome, gjin Afas Live

gjin Neushoorn en gjin Bolwerk.

Foar myn wykliks jûntsje muzyk

stean ik op dizze sneontejûn 

yn in oanklaaide loads op 800 meter fan myn hûs

Wat in lekker barren mei leafhawwers fan stevige muzyk.

Allegear oanwêzich op útnoeging

Armada is de band dy't de stevige toan set,

de metalleafhawwers soargje foar in fet feest.




zaterdag 23 maart 2024

Bus


 

Dit fyn ik geweldich goed nijs,

De lêste bus út Ljouwert giet jûns in oere letter.

Yn de regel binne konserten yn Neushoorn dien tusen 23.30 en 24.00 oere.

De lêste bus giet no 23.30 sa ûngefear

en dat is meast te betiid.

In konsert net útsjen 

en yn sân hasten nei de bus drave

it is oer, it is foarbij......




donderdag 21 maart 2024

Plasdras

 


Dit boerd kom ik tsjin bij it bosk fan Lollum.

Myn doel is net om it "Rondje oan de Draai" te rinnen

mar om myn lêste 300 meter "Lollumdyk" te sykjen

om sa de 75 % Wandrer kilometers fol te meitsjen



Ik bedarje yn it bosk (wer 100 meter troch de houtsnippers!)

en fyts nei Barsum en Akkerhorst (iets mear as 300 meter!)

Lollum klear, ik bin tefreden

Hjoed 15 kilometer fytst foar dy lêste 300 meter.

It is wat mei dizze healwize útdaging

Werom nei it boerd om de Draai

At ik fan doel west hie om dat loopke efkes te dwaan

dan hie dat dus net kinnen.

Fanóf 1 april net mear, dat begryp dizze fûgeltsjeman hiel goed,

dan gean de fûgels foar myn rinwille

Regelgeving plasdras?

ik wit net wat dat is 

en kin it ek net sa gau fine op ynternet






woensdag 20 maart 2024

Gieter

 Ik fyts nei Lollum

en krekt bûten Waaksens is in brêge.

Oan in stekje derbij hinget in wetterjitter.


Sa'n ding is meast om blommen wetter te jaan.


Oan beide leuningen fan de brêge hingje twa blombakken.

Dat sil it wêze.

Immen, fêst net ien fan de gemeente, 

jout de blommen yn de bakken sa no en dan wetter

út de Lollumer opfeart.

It lêste healjier wie dat in makkie




dinsdag 19 maart 2024

5de klasse

 



Sa sjocht it begjin fan in streekderby yn de 5de klasse derút.

Ik bin sneon yn Arum, at de vv Arum de Wytmarsumer klup Mulier ûntfangt.

De 5de klasse.

Middenmoat

Ik tink, dan wen ik dêr alfêst mar wat oan.

De 5de klasse

gjin gelûdsynstallaasje,

gjin opstellingen, gjin doelpuntemakkers.

It skoareboerd docht it net, 

mar dat is yn de tredde klasse bij sommigen klups ek mar ôfwachtsje.

De sfear is fantastysk

je steane dêr prachtich yn de lijte fan de kantine 

en de kofje is mar 1 euro

5 doelpunten en spannend

ik sjoch suver al út nei de 5de klasse



......azelen

 


It skeelt mar ien letter

Net wier

Der stiet op ynternet in soad ynformaasje

dat net wier is.

"feeknijs" nimme se dat mei in moai Frysk wurd.

Je witte betiden net wat je leauwe moatte

Meastal komme dy feekberjochten fan fier

mar soms binne se hiel tichtbij.

Nim no it fuotbal

De KNVB hat in app,

wêryn't alles bij holden wurdt per alvetal.

De takomstige wedstriden, de seleksjes, de útslaggen en de stân.

As aardichheidtsje kinne je nei in wedstryd stimme

op de man fan de wedstriid.

Dikke flaue kul fansels.

Dikke sjit wurdt it at dit bart.


Syb Overal wurdt de man fan de wedstriid

fan in wedstryyd dy't net spile is

omdat SDS te min spilers hat.

Dat Syb de man fan de wedstriid wurden is

begryp ik ek wol wer.

Hij is wedstriidsikretaris 

en hij moat hast alle wiken wol in wedstriid ôfsizze

omdat spilers hiel frijbliuwend oan in teamsport meidogge.

Moai dat de ploegen oerien kommen binne

dat de einstân 2-0 wurden is,

hoege se in folgjende kear net wer te plannen 

en ôf te sizzen





maandag 18 maart 2024

Boek makket yndruk


Ik sit freed efkes noflik yn de stoel bij in net-lêzer.

Wij hawwe it oer it libben en oer de metal.

"Kinst dit boek wol", freget hij

wylst er syn piratenkist iepen docht

en mij  dit boek sjen lit.

"Nee, dat kin ik net, 

mar ik haw der wolris oer heard".

"Spilet foar in part yn de buert fan Spannum'

en ik haw it hielendal lêzen

en fyn it yndrukwekkend

sa't dat yn de omskriuwing ek al oanjûn wurdt."

seit hij.

"Nim mar mei"

Ik nim it boek mei

en selden haw ik sa fluch in boek lêzen.

Moai skreaun dat is it seker, 

mar oh wat in tryst ferhaal,

mar wat hat dy frou wat oerwinnen moatten.

Respekt foar dizze krêftige frou.


donderdag 14 maart 2024

In ritsje Duinterpen

 


Jellie moast  tiisdei yn Snits wêze

dus fyts ik efkes mei

om in stikje fan myn "fytsdoel" út te fieren:

Fytse troch 75% fan alle strjitten yn Fryslân.

It oantal diken/fytspaden yn Snits is 226 kilometer

Ik sit no op 68 % dat is 155 kilometer

Sa sjocht in ritsje Duinterpen der út

Allegear rjochte diken nei it wetter

soms yn ferbining troch in brêchje mei in oare dyk

mar meast dearinnend dêr.

Al dat geslinger levere 5,9 nije kilometers op.

Boppedat, in hiel soad yndrukken

fan fierstetegrutte huzen

mei fierstentegrutte boaten


Respekt


In bytsje respekt foar ús Freule is wer fier te sykjen


In bandsje mear makket him net út

 

út AD 14-3-2024

Dat sizze se tsjin mij 

dat ik faak bij muzyk bin.

Ik haw de 100 wolris helje yn in jier,

mar 716 dat is oare koeke.

Hij fynt allinne gean net slim

hij kiest ek foaral foar de lytse podia.

Dêr kin ik mij hielendal yn fine.


woensdag 13 maart 2024

Wiet

 It is al wer wiet, 

at ik fannemoarn de fyts bûten set foar in lyts rûntsje.

Net wiet genôch om thús te bliuwen

en net wiet genôch om de reinbroek oan te dwaan.

Mei genoegen sjoch ik tal fan skoallebern 

foar mij út fytsen.

In inkele elektryske hellet mij yn.

Ik fiel de boksen al aardich wiet wurden

en tink werom oan de tiid 

dat ik nei Snits fytste.

In reinbroek hat nea stoer west,

sa sitte je dan healwei de moarn mei in wiete broek yn it lokaal

want in broek droeget it bêst op it lichem.

De bern sette bij Burchwert lofts ôf nei it trekpaad

ik gean rjochts nei de Burchwerterhoeke

En sjoch ris oan

ik kin der ûndertroch fytse

en dêr is it droech




woensdag 6 maart 2024

In bakje bij

 


Hjoed wer paad west foar Diggelfjoer

In moai petear mei in Wommelse op leeftyd,

alteast dat fûn ik.....

Dit buordtsje hinget bij de doar

Benijd at de freugde it grutst wie 

bij myn kommen of bij myn gean

( de tekst is leuk,

mar de ôfbylding seker ek)


Bogerman

 


De doar stiet al iepen

de keten binne opromme

de brievenbussen hingje bij de doar

en in âlde tekst komt werom op de gevel

De tekst dy't herinnert oan de tiid dat de 

Christelijke Nationale School 

 Lager en Uitgebreid Lager Onderwijs

dêr ynsieten.

Mei oare wurden

de grifformearde legere skoalle en de Ulo.

dat letter Mulo wurdt

dan Mafú

dêrnei Bogerman Wommels

en dêrnei Bogerman

en no Bogerman 2.0

donderdag 29 februari 2024

Oer Gersleat en Haskerdiken

It is noch gjin foarjier

mar wij kinne net wachtsje

om wat fierder te fytsen as Frjentsjer, Snits of Boalsert.

De auto yn Akkrum

de dikke jas en de wanten oan

de mûtse en de  helm op

en gean mei dy "banean"


Troch de Deelen oer in prachtich fytspaad fan Haskerdiken nei Gersleat

it Tripkgemaal, tusken Gersleat, Aldeboarn en de Tynje

De reade hoeke, it spat fan de buorden ôf

de tsjerke fan Haskerdiken sjogge je fan fierren stean, mar der hinne gean is fan it snelle paad ôf.
Dat diene wij

Earder in kleaster op dit plak mar kinne rinnende pelgrims dêr oernachtsje

In rûntsje fan 50 km yn in prachtich gebiet









Taal

 Taal is altyd boeiend fyn ik.

At it no Frysk is of Nederlânsk.

Ik lies in moai boek fan Justin Adler

In moaie ferhaal

mar foaral ek in taalryk boek

In opfallende sin wie 

De tyrannie van de geruisloze opmerkingen '

Ik hoech it fêst net út te lizzen



maandag 26 februari 2024

Wyn

 


In moaie kreet

mei in dûbele betsjutting

Ynfesteare yn wyn

dat hat mij altyd goed foldien.

De rissultaten fan de wynmûne bij Wommels

hawwe ús gjin wynaaien lein

No mar ynfesteare yn dy grutte jonges

bij de Ofslútdyk.

Binne 3 dagen binne der foar 10 miljoen obligaasjes ferkocht,

der binne mear dy't ljocht sjogge yn de wyn


De Terp

It pineholledossier fan ús fierstentegrutte gemeente

is de Terp yn Wommels.

Earst wat beammen der wei, 

dêrnei ferkeard snoeid

wer letter it paad der wei helje

sadat wij net mear feilich de Terp omrinne kinne

en no de botte bile der yn.

Alle "yn goed oerlis" sa't in gemeente dat neamd

en it doarp it sa net erfaart.

De wite krusen kundigen it ferline wike al oan.

Fannemoarn skrok mij it apesûr.

Foar njoggenen leine se hast allegear al om.

Dan krinne se wol hurd bij de gemeente.

It karakteristike byld is sûnt hjoed fuort

Om mij kin de flagge wol op de toer

Healstok.

Hiel lang.








zaterdag 24 februari 2024

Beurs

 It is wer sa fier

de fyts - en rinfakânsjebeurs is yn Utert

Meastal gean wij der hinne,

dit jier ek.

It falt net ta sa'n dei.

Wat in drokte op de dyk derhinne

wat in drokte yn de rinpaden op de beurs.

Ik koe noch krekt tusken de minsken troch sjen

dat deer ek Frysk te lêzen is.

Myn dei is goed

Fierders binne it tal fan dingen 

wêr't ik foaral gjin ynteresse foar ha.

Mei in tuskenstopke hjir en dêr

hawwe wij it yn goed 2 oeren wol sjoen

Wij komme thús mei in pear folders (dat hat wolris in tas fol west 

ien pin ( dat hawwe der wolris mear west)

en in trijtal lêsboeken fan Frank van Rijn

Mei argewaasje sjoch ik de ôftakeling fan de beurs

In folslein ynrjochte auto

mei in tintsje op it dak, 

neist it fytserek mei fyts, 

de kofferbak ynrjochte foar de hûn

en in grutte kofferbak op de lûkheak














maandag 19 februari 2024

Stimpelje

 In eigen stimpel. 

Dat wie wat. 

Mar net bij de Giro yn Ljouwert. 

Dêr hie elkenien in eigen stimpel. 

Fan 1 febrewaris 1977 oant 1 febrewaris 1979 wurke ik yn dy poddestoel yn Ljouwert. 

Op de ôfdieling "Openingen". 

Wij iepenje dêr nije girorekkeningen. 

Nei twa jier hie ik dêr wol sjoen. 

Ta oantinken krige ik bij it ôfskie dit formulier mei in stimpel 

fan al dy kollegea's dy't noch jierren troch stimpelen




zondag 18 februari 2024

Skolperje en in seech

 


Ik krige wer in prachtige ansichtkaart út Manchester

Tige tank Gerrit Tjallema.

Bijsûnder is 

dat ik it wurdboek  der bij helje moat

om twa âlde Fryske wurden  

wêrfan ik de betsjutting miskien wol sa ûngefear riede kin

mar net krekt wit, op te sykjen


"In stoomskip giet

oer it skolperjend wiet

It is de Aant Hofstra!

It leit goed op koers

It is in skip mei in seech.


Skolperje = golven, klotsen, kabbelen

Seech = gewelfd vlak , ronding die naar de zijkanten afdaalt


Ik hoop het wel

Ik lês op dit stuit it boek "Op de golven dansen wij" fan Frits Spits. 

Hij nimt yn dat boek teksten troch fan Nederlânske lieten. 

Wat makket de tekst yn in liet bijsûnder?

Wêr giet it oer en hoe kinne je it lêze?

De Spotify spyllist dy't makke is oan de hân fan de lieten 

dy't hij beskriuwt bringt it boek noch tichter bij.

Ien fan de teksten dy't hij beskriuwt 

is in liet dat songen wurdt troch Richard Groenendijk "Ik hoop het wel". 

De tekst is fan Jan Beuving. 

Ik haw it mar efkes opsocht en diel it graach

Wat in moaie tekst, it wurdt tiid dat Het Dorp van Wim Sonneveld

dat noch altyd te finen is yn meardere toplisten 

ferfongen wurdt troch dit nûmer








donderdag 15 februari 2024

Boek fan neat

 


Sa't sommigen wol witte

bin ik net oertsjûge fan it feit

dat Jasper S. de moardner is fan Marianne Vaatstra.

Ik folch de teory fan de "komplottinkers"

Tiisdeitejûn sit der bij Pauw in skriuwer

dy't in boek skreaun hat

oer de frou fan Jasper S.

Ik haw it net sjoen

en bin it ek net fan doel

Op Wâldnet wurdt ferteld oer it hoe en wat.

Hij hat net iens mei har sprutsen

mar nimt oan dat it tinken fan dy frou te fergelykjen is

mei tal fan oare frouen fan moardners.

Ik feroardielje dit.

Ik wol graach witte hoe't it mei dy "earme" frou is

mar hoech gjin ferûnderstellingen te lêzen.

It idee om it sa te dwaan is te mâl foar wurden.

In boek fan neat....



dinsdag 13 februari 2024

Drylst

It like moandeitemoarn wol aardich waar

sa efter it glês wei.

It wie droech, de sinne skynde foaral efter de wolken

de wyn helle wat oan en it wie dus fris

fileden wij doe't wij op wei gyngen  nei Drylts, 

fia in omwei.


In slach troch Drylts, 

nei plakken wêr't je oars net komme.

Wetterwiken út de gouden tiid

en hierwenningwiken út de eardere 

earmoedige nei oarlochse tiid.


De twa grêften fan Drylts binne pronkjes

foaral de Iegrêft mei de bleek oer de dyk oan it wetter



Der leit ek noch in pontsje

mei selsbetsjinning 

om in rûntsje te rinnen 


lâns it 


De piip fan Nooitgedgt is karakteristyk 

foar it doarp en is mei syn ferlingstik net te missen